Hy ferdjippe him yn de skiednis, socht nei âlde ferhalen, die ûndersyk nei oare kultueren en sammele ek nochris alles wat mei de Fryske identiteit te meitsjen hie.Syn hûs wie suver in echt museum. It wurk fan Halbertsma wie in foarbyld foar in hiel soad minsken yn dy tiid. Dy minsken wiene benaud dat yn it nije Nederlân de Fryske kultuer ferlern gean soe en spanden har yn om taal, literatuer, keunst en folkoare yn libben te hâlden. Net foar neat wie de samling fan Halbertsma it begjin fan it Fries Museum.
In hiel soad dingen dy't no noch yn it Fries Museum te sjen binne en hearre by it 'Ferhaal fan Fryslân' binne troch Joast Hiddes Halbertsma byinoar brocht.
Hy wie ek de earste dy't besocht hat om in wittenskiplik Frysk Wurdboek te skriuwen. Hy is úteinlik net fierder kaam as de letter F, mar nei syn dea makken oaren syn wurk ôf en noch wer letter stelde Fryske Akademy it grutte Wurdboek fan de Fryske taal gear.