47 ynterlands en 33 doelpunten
Syn karriêre yn it Nederlânsk alvetal wie ritich en syn optreden yn Oranje wie út en troch sûnder ynspiraasje. Likegoed spile er 47 ynterlands, dêr’t er 33 kear yn skoarde.
Geregeldwei krige er spul mei de karkommisje foar it Nederlânsk alvetal oangeande de posysje dy’t er begearde as binnenspiler yn de foarhoede. Dy duorjende kwestje makke fan him yn de jierren nei de Twadde Wrâldoarloch de meast besprutsen sportman yn Nederlân.
Mear witte oer Abe Lenstra sjoch hjir: Finster 33, Abe Lenstra