Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

<< Terug naar het overzicht

‘Pake yn Oranje’

Marco van Basten en
it EK fan ‘88
26 mei 2014 14:29

Yn dit nije boekje binne fiif ferhalen bondele. Yn ien fan de ferhalen stiet de triomf fan it Nederlânsk Alvetal by it Europeesk Kampioenskip fan 1988 sintraal. Douwe Kootstra fertelt oer ien fan de grutste Nederlânske sporthelden ea, dy’t ôfrûne seizoen ek noch trener wie by SC Hearrenfean: Marco van Basten.

Dit boekje is spesjaal gearstald om te brûken by it foarlêzen yn soarch sintra. Dêrneist slute de ferhalen oan by de kanon fan de Fryske skiednis. Oan de hân fan opdrachtkaarten lêze learlingen in ferhaal út de resinte skiednis foar oan âlderein yn it doarp (byg. it fersoargingshûs). Dêrnei ynterviewe de learlingen de âlderein oer dit ûnderwerp.

Njonken ‘Oranje’ fan Douwe Kootstra binne yn dit boekje de folgjende ferhalen bondele: ‘Ruilferkaveling’ fan Auck Peanstra, ‘Kleur’ fan Margryt Poortstra, ‘In tomme foar Durk’ fan Janny van der Molen en ‘Deur ut stinkrioal fan Sneek’ fan Henk van der Veer.

It boekje is fergees ôf te heljen yn de Afûk-winkel, of te bestellen fia l.kuiper@afuk.nl*.
* Foar it tastjoeren fan de boekjes wurde ferstjoerskosten yn rekken brocht, it bedrach is ôfhinklik fan de bestelling, maks. € 6,75.

Gewoan gek op skiednis

'Gewoan gek op skiednis' is skreaun foar bern fan 9-12 jier dy't gewoan gek binne op skiednis! It boek kostet 14,95 en kin hjir besteld en foar in part besjoen wurde.