Dit boekje is spesjaal gearstald om te brûken by it foarlêzen yn soarch sintra. Dêrneist slute de ferhalen oan by de kanon fan de Fryske skiednis. Oan de hân fan opdrachtkaarten lêze learlingen in ferhaal út de resinte skiednis foar oan âlderein yn it doarp (byg. it fersoargingshûs). Dêrnei ynterviewe de learlingen de âlderein oer dit ûnderwerp.
Njonken ‘Oranje’ fan Douwe Kootstra binne yn dit boekje de folgjende ferhalen bondele: ‘Ruilferkaveling’ fan Auck Peanstra, ‘Kleur’ fan Margryt Poortstra, ‘In tomme foar Durk’ fan Janny van der Molen en ‘Deur ut stinkrioal fan Sneek’ fan Henk van der Veer.
It boekje is fergees ôf te heljen yn de Afûk-winkel, of te bestellen fia l.kuiper@afuk.nl*.
* Foar it tastjoeren fan de boekjes wurde ferstjoerskosten yn rekken brocht, it bedrach is ôfhinklik fan de bestelling, maks. € 6,75.