Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

<< Terug naar het overzicht

'Gewoan gek op skiednis'

Boekpresintaasje by SC Heerenveen 23 mei 2014 9:30

Op tongersdeitemiddei 22 maaie 2014 is it boek 'Gewoan gek op skiednis' presintearre yn it Abe Lenstrastadion. Bern fan IBS De Boarne út Aldeboarn en IBS It Kampke út Terherne koene de skriuwers en de tekener allerhande fragen stelle oer it boek ûnder lieding fan Tsjek-presintator Raynaud Ritsma.

De bern hiene har goed taret en de makkers fan it boek krigen fragen as: 'Wêr helje jo jo ynspiraasje wei?', 'Wat wie it gekste ferhaal dat jo tsjinkommen binne?', 'Hoe komme jo op it idee fan de tekeningen?' en 'Wêrom hawwe jim in boek oer de Fryske skiednis skreaun?'.

Nei dizze 'parsekonferinsje' krigen de bern in fideoklip te sjen fan in ferske oer Abe Lenstra, songen troch Raynaud Ritsma (dy is fansels ek noch de sjonger fan Vangrail). Dy klip wie noch net hielendal ôf....Der moasten noch wat nije fuotbalstjerren en publyk fan de takomst yn en dy rol mochten de bern fan IBS It Kampke en IBS De Boarne spylje. Nei de rûnlieding troch it stadion, gau nei it fjild, fuotbalklean oan en spylje op it haadfjild! Der waarden fansels allegear opnames makke, sels mei in drone (!) en dy komme aanst yn de fideoklip terjochte!

Gewoan gek op skiednis is skreaun troch Janny van der Molen, Lida Dykstra, Mindert Wijnstra, Erik Betten en Han Nijdam en de yllustraasjes binne fan Aart Cornelissen.

It boek kostet 14,95 en kin hjir besteld en foar in part besjoen wurde.

Gewoan gek op skiednis is mei mooglik makke troch stipe fan Stichting Lezen en de Provinsje Fryslân.

Gewoan gek op skiednis

'Gewoan gek op skiednis' is skreaun foar bern fan 9-12 jier dy't gewoan gek binne op skiednis! It boek kostet 14,95 en kin hjir besteld en foar in part besjoen wurde.