Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

<< Terug naar het overzicht

Earmoede en garisma

No jim, oan de slach mei NODOE (fû) 3 april 2014 5:00

Yn it parlemint en yn de kranten wurdt Fryslân oan ’e ein fan de 19de ieu beskreaun as ‘earm Fryslân’. Yn dy ieu foarmet him yn Fryslân in ûnderlaach fan minsken dy’t yn de ellindichste omstannichheden libje. Se wenje yn spitketen op ’e heidefj ilden of yn lytse, nearzige ienkeamerwenten yn ’e stêd.

Meastal hawwe se gjin wurk en kinne se frou en bern net genôch te iten jaan. Hawwe se wurk, dan is it swier wurk dat ûnder beroerde omstannichheden op it lân of yn it fean dien wurde moat. Wurk dat ek nochris net genôch opsmyt, dêrom moatte frou en bern gauris meiwurkje. Is it dan in wûnder dat der ferset komt tsjin de bazen?

Hjirûnder fine jo alfêst haadstik 5 út it hânboek fan Alve-en-tritich. Dêryn folle mear oer dizze drege tiid en de striid ûnder lieding fan Domela Nieuwenhuis en Piter Jelles Troelstra. Dit haadstik slút oan by ôflevering 4 fan NODOE. De opdrachten steane yn it wurkboek, diel 2.  In oersjoch fan alle finsters fine jo hjirûnder.

Elf-en-dertig; Vensters op de Friese geschiedenis:

Handboek, deel 1 Handboek, deel 2 Handboek, deel 3
Werkboek, deel 1 Werkboek, deel 2 Werkboek, deel 3
Antwoordenboek, deel 1 Antwoordenboek, deel 2 Antwoordenboek, deel 3
(venster 1 t/m 13) (venster 14 t/m 25, 27, 28) (venster 26, 29 t/m 41)
Leverbaar vanaf mei 2014


Alve-en-tritich; Finsters op de Fryske skiednis:

Hânboek, diel 1 Hânboek, diel 2 Hânboek, diel 3
Wurkboek, diel 1 Wurkboek, diel 2 Wurkboek, diel 3
Antwurdeboek, diel 1 Antwurdeboek, diel 2 Antwurdeboek, diel 3
(finster 1 o/m 13) (finster 14 o/m 25, 27, 28) (finster 26, 29 o/m 41)