Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

<< Terug naar het overzicht

Ofl. 4: Sosjalistyske striders

Domela Nieuwenhuis en Piter Jelles Troelstra 3 april 2014 6:30

Twa mannen, twa striders foar in rjochtfeardige wrâld, dy’t fochten foar itselde, ferheven ideaal, mar uteinlik grutte rivalen waarden. Dat wienen Ferdinand Domela Nieuwenhuis en Piter Jelles Troelstra. Oan de ein fan de njoggentjende ieu wienen sy de belangrykste lieders fan it sosjalisme, de politike streaming dy’t doe sterk yn opkomst wie.

Domela waard de earste sosjalist yn it parlemint, en Troelstra wie de oprjochter fan de de earste echte sosjalistyske politike partij. Skouder oan skouder begûnen sy it gefjocht foar in better bestean foar de earme arbeiders.

NODOE is in gearwurking tusken Omrop Fryslân, Afûk, Tresoar en njoggen Fryske musea om de Kanon fan de Fryske Skiednis mear ûnder de oandacht te bringen en wurdt mei mooglik makke troch stipe fan de provinsje Fryslân. De dielnimmende musea binne: it IJstijdenmuseum yn Bûtenpost, It Damshûs yn Nij Beets, Museum Martena yn Frjentsjer, Museum Dokkum, it Fries Museum yn Ljouwert, it Fries Landbouwmuseum yn Earnewâld, it Woudagemaal op ‘e Lemmer, it Fries Scheepvaartmuseum yn Snits en it Kazemattenmuseum yn Koarnwertersân.