Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

<< Terug naar het overzicht

Lesbrief by De Oerfal

Foar ûnderbou fuortset ûnderwiis 13 maart 2014 17:12

By it Iepenloftspul De Oerfal dat ferline jier tige suksesfol wie is in lesbrief makke. By dy lesbrief hearre ek trije fragminten út it teaterstik. De lesbrief is bedoeld foar de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis en behannelet in tal dilemma's dêr't de minsken fan De Oerfal mei te krijen hawwe.
 

Besjoch hjir fragmint 1: It Plan.

De lesbrief is ûntwikkele yn it ramt fan de Fryske Kanon yn gearwurking mei Fries Verzetsmuseum en Stichting Iepenloftspul De Oerfal.

De lesbrief is yn it Frysk en yn it Nederlânsk beskikber en is hjir te downloaden:
- Frysk
- Nederlânsk

De trije fragminten binne hjir te besjen.
De lesbrief slút oan by Kearndoel 37 en Underdiel E: Minsk en maatskippij

Metoades: Geschiedeniswerkplaats, memo

Fryske Kanon: Finster 32, Molkstaking        
-  Nederlandse Canon: De Tweede Wereldoorlog, bezetting en bevrijding (1940-1945)

Foar mear eftergrûn oer De Oerfal kinst terjochte by it Fries Verzetsmuseum. Dêr is ek de dvd fan it hiele teaterstik oer De Oerfal te bestellen.

 

 

Fragminten de Oerfal

Besjoch hjir de 3 fragminten fan De Oerfal en download de lesbrief
- Lesbrief Frysk 
- Lesbrief Nederlands

De lesbrief is foar FU/VO 1,2 en 3 (burgerschapsvorming, geschiedenis)