Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

<< Terug naar het overzicht

De grutte finale fan NO DOE

Sneon fanút de skatkeamer fan Fryslân 19 december 2013 15:20

Fanút de skatkeamer fan Fryslân nimme de famyljes Ypma, Pool en Akkerman it tsjin inoar op yn de finale fan NO DOE. Alle trije tiims hawwe de ôfrûne tiid sjen litten dat sy in soad fan en oer Fryslân witsten, mar benammen ek fine koenen én dat se goed gearwurkje kinne. Hoe bringe sy it dêrfan ôf yn Tresoar?

Sjoch no sneon nei NODOE, om 17.00 oere op Omrop Fryslân en dêrnei alle oeren nei Hjoed.

Hoe kamen de famyljes oant de finale? Yn de earste heale finale wûn de famylje Ypma in plak yn de finale.

Yn de twadde heale finale bleaun de famylje Pool oer.

En yn de tredde heale finale pleatste de famylje Akkerman har as lêste finalist.

NODOE is in gearwurking tusken Omrop Fryslân, Afûk, Tresoar en njoggen Fryske musea om de Kanon fan de Fryske Skiednis mear ûnder de oandacht te bringen en wurdt mei mooglik makke troch stipe fan de provinsje Fryslân. De dielnimmende musea binne: it IJstijdenmuseum yn Bûtenpost, It Damshûs yn Nij Beets, Museum Martena yn Frjentsjer, Museum Dokkum, it Fries Museum yn Ljouwert, it Fries Landbouwmuseum yn Earnewâld, it Woudagemaal op ‘e Lemmer, it Fries Scheepvaartmuseum yn Snits en it Kazemattenmuseum yn Koarnwertersân.

Tresoar

Tresoar is de skatkeamer fan Fryslân. In soad minsken komme hjir om ûndersyk te dwaan nei harren stambeam. Hjir is dan ek alles te finen oer genealogy, mar ek oer Fryske literatuer út en oer ús provinsje.

www.tresoar.nl