Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

<< Terug naar het overzicht

Bonkje fan Freark wer werom

Yn de St. Maartentsjerke yn Hallum 16 december 2013 23:54

Foar de betinking fan 850 jier âlde kleaster Mariëngaarde by Hallum waard sneon 14 desimber in relikwy meinaam út Noard-Brabân wei. It gie om in sulveren relikwy mei dêryn in bonkje fan Freark fan Hallum, de stichter fan it kleaster. 

Freark ferstoar op 3 maart 1175 en syn grêf wie jierrenlang in beafeartsplak. Syn bonkerak waard by de Reformaasje yn it geheim nei fjouwer ûnderskate plakken yn België en nei it Brabânske Heeswijk brocht.

It bysûndere relikwy kaam 400 jier nei dato spesjaal foar de jubileumfiering foar even wer nei Hallum werom.

Lês mear oer de kleasters yn Fryslân by finster 6.

Fryslân as kleasterlân

Mear witte oer de kleasters dy't yn de Midsieuwen yn Fryslân stiene?

Sjoch hjir