Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

<< Terug naar het overzicht

Rûtes troch doarp en stêd

Edukative rûtes rûnom yn Fryslân, dochsto ek mei? 13 december 2013 11:29

Der binne al in soad edukative rûtes ûntwikkele, ek foar dy! By dyn skoalle yn de buert, foar dyn klasse, mar ek oer it ûnderwerp dêr’sto by de skiednislessen oer fertelst. Op ús site fynst in oersjoch fan de ferskate rûtes dy’t no troch musea oanbean wurde.

Ast krekt wat oars wolst, of in rûte troch jim eigen doarp of stêd rinne wolst, kinst no ek sels, of mei dyn learlingen in eigen digitale rûte meitsje. Dêrfoar biede wy no in kursus oan.

Yn de kursus is omtinken foar it ferhaal fan dyn rûte, wat wolst fertelle, welke opdrachten litst de learlingen meitsje, mar foaral hoe kinst soargje dat dyn rûte op tablets en smartphones brûkt wurde kin. Sjoch op www.zwerfgoed.nl foar alle ynformaasje en jou dy op!