Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

<< Terug naar het overzicht

No sneon yn NO DOE

In hurde striid by de bunkers by Koarnwertersân 10 december 2013 12:58

It Kazemattenmuseum by Koarnwertersân jout in goede yndruk oer hoe't de manskippen yn maaie 1940 Nederlân ferdigenje moasten. Al gau moatst it Nederlânske leger kapitulearje en sa kamen de bunkers yn Dútske hannen.


Fansels gong it Nederlânske ferset wol troch, mar it fûn foaral ûndergrûnsk plak. Mar yn 2013 waard it Fryske ferset wol goed sichtber. Want nea is yn Fryslân it wurk sa massaal dellein as yn de earste wike fan maaie 1943. It wie midden yn de Twadde Wrâldoarloch en dizze grutte staking wie it kearpunt yn it Fryske oarlochslibben. Oant dy tiid ûndergienen de Friezen it lot fan de besetting nochal rêstich. Mar sûnt de wurkweigering fan 1943, dy’t hjir de namme molkstaking krige, feroare de hâlding fan de minsken tsjinoer de Dútsers bot. Se begûnen mear en mear ûnderdûkers te helpen, lytse en soms gruttere fersetsdieden te plegen. Heal april 1945, trije wike foar de definitive ein fan de Twadde Wrâldoarloch yn Europa, waard Fryslân befrijd troch it Kanadeeske leger.

Sjoch no sneon nei NODOE, om 17.00 oere op Omrop Fryslân en dêrnei alle oeren nei Hjoed.

NODOE is in gearwurking tusken Omrop Fryslân, Afûk, Tresoar en njoggen Fryske musea om de Kanon fan de Fryske Skiednis mear ûnder de oandacht te bringen en wurdt mei mooglik makke troch stipe fan de provinsje Fryslân. De dielnimmende musea binne: it IJstijdenmuseum yn Bûtenpost, It Damshûs yn Nij Beets, Museum Martena yn Frjentsjer, Museum Dokkum, it Fries Museum yn Ljouwert, it Fries Landbouwmuseum yn Earnewâld, it Woudagemaal op ‘e Lemmer, it Fries Scheepvaartmuseum yn Snits en it Kazemattenmuseum yn Koarnwertersân.

Kazemattenmuseum

It Kazemattenmuseum by Koarnwertersân jout in goede yndruk oer hoe't de manskippen yn maaie 1940 Nederlân ferdigenje moasten. Al gau moatst it Nederlânske leger kapitulearje en sa kamen de bunkers yn Dútske hannen.

www.kazemattenmuseum.nl