Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

<< Terug naar het overzicht

No sneon yn NO DOE

Hoe hâlde wy mei help fan wetter droege fuotten? 3 december 2013 12:55

Yn it Woudagemaal belibbet elkenien de sfear fan eartiids en de mooglikheden fan no. Mei help fan ymposante stoommasjines moatte de kandidaten soargje foar droege fuotten. Krije sy it oerstallige wetter út de Fryske boezem op tiid nei de Iselmar?

Fryslân hat altyd striid tsjin it wetter fiere moatten. Altyd wer drigen der oerstreamings. Mei help fan de ûntwikkelings tidens de yndustralisaasje waard dy striid in stik makliker. Fryslân wie fersekere fan droege fuotten, mar ûntwikkele him ek op oare mêden. Sa kaam ien fan de earste echt grutte bedriuwen yn Fryslân nei Drachten. De komst fan it skearapparatefabryk Philips hat ôfgryslik belangryk west foar it easten fan de provinsje. Hûnderten minsken út de Wâlden koenen hjir oan it wurk. Dat luts wer oare minsken en bedriuwen oan, en sa ûntwikkele dizze streek him yn koarte tiid fan in achterbleaun gebiet ta ien fan de sterkste ekonoamyske motors fan ús provinsje.

Sjoch no sneon nei NODOE, om 17.00 oere op Omrop Fryslân en dêrnei alle oeren nei Hjoed.

NODOE is in gearwurking tusken Omrop Fryslân, Afûk, Tresoar en njoggen Fryske musea om de Kanon fan de Fryske Skiednis mear ûnder de oandacht te bringen en wurdt mei mooglik makke troch stipe fan de provinsje Fryslân. De dielnimmende musea binne: it IJstijdenmuseum yn Bûtenpost, It Damshûs yn Nij Beets, Museum Martena yn Frjentsjer, Museum Dokkum, it Fries Museum yn Ljouwert, it Fries Landbouwmuseum yn Earnewâld, it Woudagemaal op ‘e Lemmer, it Fries Scheepvaartmuseum yn Snits en it Kazemattenmuseum yn Koarnwertersân.

Woudagemaal

Yn it Woudagemaal belibbet elkenien de sfear fan eartiids en de mooglikheden fan no. Mei help fan ymposante stoommasjines moatte de kandidaten soargje foar droege fuotten. Krije sy it oerstallige wetter út de Fryske boezem op tiid nei de Iselmar?

www.woudagemaal.nl