Fryslân stiet tsjintwurdich fuort net bekend as in sterke, moderne ekonomyske regio, mar dat hat wol oars west. De Fryske lânbou wie ieuwenlang foarútstribjend en ûndernimmend. Al yn de 16e ieu wienen de boeren hjir tûker as yn de measte oare gebieten fan Europa. Op in soad plakken om ús hinne makken de boeren dat wat se ferbouden meast sels op. Yn Fryslân waard doe al aardich grutskalich en kommersieel buorke. Dat wy dat witte ha wy te tankjen oan Rienck Hemmema. Hy wie in grutte boer yn Hitzum. Hemmema hold yn in kasboek by wat hy ferboude, wat syn kosten en wat syn opbringsten wienen. Fan him witte wy dat hy en oare grutte boeren net sasear foar eigen folk produsearren, mar dat se de opbringst fan it lân it leafst ferkochten op’e nasjonale en ynternasjonale merk.
Sjoch no sneon nei NODOE, om 17.00 oere op Omrop Fryslân en dêrnei alle oeren nei Hjoed.
NODOE is in gearwurking tusken Omrop Fryslân, Afûk, Tresoar en njoggen Fryske musea om de Kanon fan de Fryske Skiednis mear ûnder de oandacht te bringen en wurdt mei mooglik makke troch stipe fan de provinsje Fryslân. De dielnimmende musea binne: it IJstijdenmuseum yn Bûtenpost, It Damshûs yn Nij Beets, Museum Martena yn Frjentsjer, Museum Dokkum, it Fries Museum yn Ljouwert, it Fries Landbouwmuseum yn Earnewâld, it Woudagemaal op ‘e Lemmer, it Fries Scheepvaartmuseum yn Snits en it Kazemattenmuseum yn Koarnwertersân.