Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

<< Terug naar het overzicht

De kandidaten fan kommende sneon

De famylje Beets vs. de famylje Buma 21 november 2013 15:24

No sneon, in nije ôflevering fan NODOE fanút it hagelnije Fries Museum yn Ljouwert. Yn dizze ôflevering nimt de famylje Beets it op tsjin de famylje Buma. Welke tiim bliuwt it langste oerein en giet troch nei de heale finale? Sjoch it no sneon om 17.00 oere op Omrop Fryslân!

(en dêrnei om alle oeren, nei Hjoed)

De famylje Beets
Renske Beets hat ferskillende hobbies, wichtich binne de Fryske hynders. Kuorbal is har favorite sport. Dan is se ek noch aktyf by de majorettes.  Fierder mei se graach foto’s meitsje. Se docht mei oan it programma mei heit en pake. Yn musea komt se net sa faak mar se fynt it wol nijsgjirrich om wat oer de eigen skiednis te hearren. Heit Jan is ek net in museumgonger mar hat wol wat mei Fryske skiednis. Hy mei graach muzyk draaie op feestjes en partijen, dêrnjonken is de fotografy syn grutte hobby. Pake is de man fan de Fryske hynders, hy is aktyf as menner, docht mei oan it ringstekken en kin ek trouride. Renske like it prachtich om mei te dwaan en no is it safier.

De famylje Buma
Jorn docht mei oan Nodoe mei syn tante en syn pake. Jorn is sljocht op syn kompjûter. Dêr kinne jo fan alles op fine en fansels spultsjes dwaan. Syn sport is it fuotbaljen, traine en dan sneons in wedstriid. Yn in museum komt hy net faak en mei de skiednis hat er ek net safolle. Tante Welmoed is tige sportyf, se mei graach hurddrave en folleybal spylje. Har oare grutte hobby is sjonge, dat docht se by Voaal Ensemble Eljakom út Boalsert. Fryske skiednis hat har ynteresse, jo wolle witte wat der yn it Heitelân bard. Pake is ek tige sportyf, rinne, drave, fytse, en reedride. Meidwaan,  jawis, soks wolle jo wolris meimeitsje, en dan besykje om te winnen fansels.

Sjoch no sneon nei NODOE, om 17.00 oere op Omrop Fryslân en dêrnei alle oeren nei Hjoed en belibje de fûle striid tusken de famylje Beets en de famylje Buma.

NODOE is in gearwurking tusken Omrop Fryslân, Afûk, Tresoar en njoggen Fryske musea om de Kanon fan de Fryske Skiednis mear ûnder de oandacht te bringen en wurdt mei mooglik makke troch stipe fan de provinsje Fryslân. De dielnimmende musea binne: it IJstijdenmuseum yn Bûtenpost, It Damshûs yn Nij Beets, Museum Martena yn Frjentsjer, Museum Dokkum, it Fries Museum yn Ljouwert, it Fries Landbouwmuseum yn Earnewâld, it Woudagemaal op ‘e Lemmer, it Fries Scheepvaartmuseum yn Snits en it Kazemattenmuseum yn Koarnwertersân.