Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

<< Terug naar het overzicht

No sneon yn NODOE

De terpetiid fanút it nije Fries Museum 19 november 2013 15:06

It Fries Museum giet oer Fryslân en de Friezen. Oer de alve stêden en it plattelân, de haat-leafde ferhâlding mei it wetter, de syktocht nei it typysk Fryske en it plak fan Fryslân yn de wrâld. Mar ek oer de ûnderlizzende wearden, autentisiteit en eigensinnigens.

Fryslân is it lân fan terpen. Foaral op de klaai yn it noarden fan de provinsje binne se in soad te sjen. Yn totaal binne der yn it Fryske gebiet by de Noardseekust lâns sa’n tûzen lytse en grutte terpen te finen. De earsten waarden oanlein om 600 foar Kristus hinne en se ha oant likernôch it jier 1000 fertuten dien. Dêrnei waarden seediken oanlein en hienen de terpen gjin feitlike funksje mear. Opgravings yn terpen litte sjen dat der op de terpen net allinnich hurdwurkjende boeren libben, mar dat der ek rykdom wie.

Sjoch no sneon nei NODOE, om 17.00 oere op Omrop Fryslân en dêrnei alle oeren nei Hjoed.

NODOE is in gearwurking tusken Omrop Fryslân, Afûk, Tresoar en njoggen Fryske musea om de Kanon fan de Fryske Skiednis mear ûnder de oandacht te bringen en wurdt mei mooglik makke troch stipe fan de provinsje Fryslân. De dielnimmende musea binne: it IJstijdenmuseum yn Bûtenpost, It Damshûs yn Nij Beets, Museum Martena yn Frjentsjer, Museum Dokkum, it Fries Museum yn Ljouwert, it Fries Landbouwmuseum yn Earnewâld, it Woudagemaal op ‘e Lemmer, it Fries Scheepvaartmuseum yn Snits en it Kazemattenmuseum yn Koarnwertersân.

Fries Museum

It Fries Museum giet oer Fryslân en de Friezen. Oer de alve stêden en it plattelân, de haat-leafde ferhâlding mei it wetter, de syktocht nei it typysk Fryske en it plak fan Fryslân yn de wrâld.
www.friesmuseum.nl