Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

<< Terug naar het overzicht

De kandidaten fan kommende sneon

De famylje De Jong/Bouma vs. de famylje Rypma 14 november 2013 13:52

No sneon, in nije ôflevering fan NODOE fanút it IJstijdenmuseum yn Bûtenpost. Yn dizze ôflevering nimt de famylje De Jong/Bouma it op tsjin de famylje Rypma. Welke tiim bliuwt it langste oerein en giet troch nei de heale finale? Sjoch it no sneon om 17.00 oere op Omrop Fryslân!

(en dêrnei om alle oeren, nei Hjoed)

Famylje De Jong/ Bouma
Beppe Renskje sjocht it meidwaan oan NODOE as in útdaging en mei-inoar wolle se sa’n spulprogramma op televyzje wolris meimeitsje. It liket harren in hiele erfaring. Mem Durkje en dochter Amber Noa meie beide graach basketbalje. Fan it besykjen fan musea komt noch net folle. Soenen se fan NODOE ynspiraasje krije om soks straks wol te dwaan? Dat is ôfwachtsjen fansels…
 
De famylje Rypma
Je soenen hast sizze dat de muzikaliteit fan dizze famylje ferbûn is oan de efternamme.Want wa kin nei it sukses fan Johannes yn The Voice of Holland no net de namme Rypma? Dochs is der gjin inkele famyljerelaasje tusken dizze Rypma’s en harren sjongende namgenoat. Heit Marco fertsjinnet as muzyklearaar en dirigint de kost yn de muzyk, mar ek syn heit en syn soan, dy’t beide de namme Gerrit ha, meie graach muzyk meitsje. Lytse Gerrit is ek graach bûten om te fuotbaljen mei syn maten of om te fiskjen. De Rypma’s ynteressearje har o sa foar skiednis en hja besykje, foarsafier’t dat mooglik is, dan ek gauris in museum.

Sjoch no sneon nei NODOE, om 17.00 oere op Omrop Fryslân en dêrnei alle oeren nei Hjoed en belibje de fûle striid tusken de famylje De Jong/Bouma en de famylje Rypma.

NODOE is in gearwurking tusken Omrop Fryslân, Afûk, Tresoar en njoggen Fryske musea om de Kanon fan de Fryske Skiednis mear ûnder de oandacht te bringen en wurdt mei mooglik makke troch stipe fan de provinsje Fryslân. De dielnimmende musea binne: it IJstijdenmuseum yn Bûtenpost, It Damshûs yn Nij Beets, Museum Martena yn Frjentsjer, Museum Dokkum, it Fries Museum yn Ljouwert, it Fries Landbouwmuseum yn Earnewâld, it Woudagemaal op ‘e Lemmer, it Fries Scheepvaartmuseum yn Snits en it Kazemattenmuseum yn Koarnwertersân.

IJstijdenmuseum

Hjir fynst alles oer de prehistoarje. Fan it momint ôf dat de Neanderthalers ûngefear 100.000 jier lyn oer de flakten fan de Fryske Wâlden lutsen oan it begjin fan ús jiertelling hawwe bewenners spoaren efter litten.
www.ijstijdenmuseum.nl