Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

<< Terug naar het overzicht

No sneon yn NODOE

Alles oer prehistoarysk Fryslân 12 november 2013 13:35

It IJstijdenmuseum fertelt alles oer de prehistoarje. Fan it momint ôf dat de Neanderthalers ûngefear 100.000 jier lyn oer de flakten fan de Fryske Wâlden lutsen oan it begjin fan ús jiertelling hawwe bewenners spoaren efter litten.

De earste bewenners wienen jagers, dy’t in swalkjend bestean lieden. Om 3400 foar Kristus hinne kamen de earste boeren en har kij hjirhinne. Sy settelden har en fierden op grutte skaal lânbou yn. Fan dizze earste bewenners is ierdewurk fûn: bekers dy’t de foarm fan in trechter ha. Dêrom wurdt dizze earste beskaving yn Fryslân ek wol trechterbekerkultuer naam.

De earste echte bewenners fan Fryslân wienen dus molkfeehâlders. En dêrmei begjint de skiednis fan Fryslân eins mei de komst fan … de ko.

Sjoch no sneon nei NODOE, om 17.00 oere op Omrop Fryslân en dêrnei alle oeren nei Hjoed.

NODOE is in gearwurking tusken Omrop Fryslân, Afûk, Tresoar en njoggen Fryske musea om de Kanon fan de Fryske Skiednis mear ûnder de oandacht te bringen en wurdt mei mooglik makke troch stipe fan de provinsje Fryslân. De dielnimmende musea binne: it IJstijdenmuseum yn Bûtenpost, It Damshûs yn Nij Beets, Museum Martena yn Frjentsjer, Museum Dokkum, it Fries Museum yn Ljouwert, it Fries Landbouwmuseum yn Earnewâld, it Woudagemaal op ‘e Lemmer, it Fries Scheepvaartmuseum yn Snits en it Kazemattenmuseum yn Koarnwertersân.

IJstijdenmuseum

Hjir fynst alles oer de prehistoarje. Fan it momint ôf dat de Neanderthalers ûngefear 100.000 jier lyn oer de flakten fan de Fryske Wâlden lutsen oan it begjin fan ús jiertelling hawwe bewenners spoaren efter litten.
www.ijstijdenmuseum.nl