Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

<< Terug naar het overzicht

De kandidaten fan sneon 9 novimber

De famylje Merkus vs. de famylje Steensma 7 november 2013 13:21

No sneon, in nije ôflevering fan NODOE fanút 't Damshûs yn Nij Beets. Yn dizze ôflevering nimt de famylje Merkus it op tsjin de famylje Steensma. Welke tiim bliuwt it langste oerein en giet troch nei de heale finale? Sjoch it no sneon om 17.00 oere op Omrop Fryslân!

(en dêrnei om alle oeren, nei Hjoed)

De familie Merkus
It wie Silke, it jongste lid fan dizze famylje dy’t mem Hermien en beppe Jantsje oerhelle om mei te dwaan oan NODOE. Silke mei graach sjonge en folget dêryn lessen by in sjonglerares. Wa wit sjogge we har nochris by The Voice Kids. Televysje erfaring hat se dan yn elk gefal. Har mem Hermien is njonken har work as regiomanager yn de kraamsoarch tige drok mei wetterpolo by DRAGON yn Drachten. Se hopet fansels dat se mei har mem en dochter ek yn NODOE de holle boppe wetter hâlde kin. Want meidwaan is moai, mar winne is fansels moaier. Dat fynt beppe Jantsje ek want dy hart har goed taret op dit programma. Se hat har ekstra ferdjippe yn de Fryske skiednis. Marris sjen of dat fertuten dien hat.

De famylje Steensma
Pake Douwe Steensma is mei syn 78 jier miskyn wol de âldste dielnimmer on NODOE. De knibbel wol net mear wat mear wat er earder koe en dêrom is it rinnen wat beheind. Hy hopet dan ek net dat er hurd rinne moat, want dat sit er net mear yn. Mar it moat fansels ek in aardichheidsje bliuwe. Dat fiene ek skoandochter Antonia en pakesizzer Douwe jens. Antonia hat it al drok genôch mei har dûbbelfunksje yn de ferpleging en it bystean fan har man op ‘e pleats yn Warfstermûne. Se docht dêrnjonken ek noch oan folleybal, dat dêrmei is de wike gau beset. Douwe Jens, de jongste Steensma ferdielt syn tiid tusken stúdzje op it VWO fan it Lauwerskolleezje yn Bûtenpost en it fierljeppen. We sille sjen as er Douwe it mei syn famylje ek fier skoppe kin yn NODOE.

Sjoch no sneon nei NODOE, om 17.00 oere op Omrop Fryslân en dêrnei alle oeren nei Hjoed en belibje de fûle striid tusken de famylje Merkus en de famylje Steensma.

NODOE is in gearwurking tusken Omrop Fryslân, Afûk, Tresoar en njoggen Fryske musea om de Kanon fan de Fryske Skiednis mear ûnder de oandacht te bringen en wurdt mei mooglik makke troch stipe fan de provinsje Fryslân. De dielnimmende musea binne: it IJstijdenmuseum yn Bûtenpost, It Damshûs yn Nij Beets, Museum Martena yn Frjentsjer, Museum Dokkum, it Fries Museum yn Ljouwert, it Fries Landbouwmuseum yn Earnewâld, it Woudagemaal op ‘e Lemmer, it Fries Scheepvaartmuseum yn Snits en it Kazemattenmuseum yn Koarnwertersân.

't Damshûs

Iepenloftmuseum It Damshûs yn Nij Beets lit besikers ûnderfine hoe’t turf makke waard en hoe’t de feanarbeiders libben en wurken yn de perioade fan 1863 oant rûchwei 1920. De omstannichheden wienen de oanlieding foar in hurde sosjale striid.
www.damshus.nl