Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

<< Terug naar het overzicht

Ofl. 1: Skippers en keaplju

Hoe ferlear Fryslân har liedende posysje op see? 11 maart 2014 6:30

Der hat in tiid west dat Fryslân útblonk yn reizgjen en hannel. Rûnom wienen de Friezen bekend as de bêste skippers en keaplju. Se behearsken de hannel yn Noardwest-Europa. De Noardsee waard wol oantsjut as Mare Frisicum, de Fryske see. Dat wie yn de perioade fan 45 oant 900 nei Kristus.

NO JIM: oan de slach mei 11en30

De opdrachtkaart ( Frysk / Nederlânsk ) komt út de kaartenbak dy't foar de Fryske kanon ûntwikkele is. Fan ein maaie ôf leit de bak yn de winkel.

Skipfeartmuseum

Hjir kinst alles te witten komme oer de histoarje fan de Fryske skipfeart. Mar dat net allinne. It museum jout ek in byld fan de wettersport út de 19e en de 20e ie en de omkriten dêr't de keaplju en skipper út Snits en de Súdwesthoeke wennen.
www.friesscheepvaartmuseum.nl