Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

<< Terug naar het overzicht

De Untdekking yn it Frysk

No te krijen 15 april 2014 14:13

It stripboek De Ontdekking is no yn it Frysk beskikber. De Untdekking is in strip fan Eric Heuvel, de Anne Frank Stichting en Fries Verzetsmuseum oer Nederlân yn de Twadde Wrâldoarloch. De strip is ûntwikkele om as lesmateriaal te brûken en is te bestellen by de (web)winkel fan de Afûk foar € 7,50

 

Yn it filmke fertelt striptekener Eric Heuvel oan syn soan oer de stripboeken dy't er makke hat oer de Twadde Wrâldoarloch.

Jeroen siket by syn beppe op souder nei guod foar Keningsdei. Tusken alle troep fynt er de oarlochsplakboeken fan oma. Hy heart dat er yn de Twadde Wrâldoarloch yn syn famylje dingen bard binne dêr't altyd oer swijd is. As Jeroen dêrnei op 4 maaie de deadebetinking meimakket, docht er in skokkende ûntdekking.

Sjoch hjir foar mear algemiene ynformaasje oer 'De Ontdekking'.

Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer it Fries Verzetsmuseum.

 

Fragminten de Oerfal

Besjoch hjir de 3 fragminten fan De Oerfal en download de lesbrief
- Lesbrief Frysk 
- Lesbrief Nederlands

De lesbrief is foar FU/VO 1,2 en 3 (burgerschapsvorming, geschiedenis)

Kazemattenmuseum

It Kazemattenmuseum by Koarnwertersân jout in goede yndruk oer hoe't de manskippen yn maaie 1940 Nederlân ferdigenje moasten. Al gau moatst it Nederlânske leger kapitulearje en sa kamen de bunkers yn Dútske hannen.

www.kazemattenmuseum.nl