Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

<< Terug naar het overzicht

NODOE fanút de universiteitsbanken

Lessen oer de Fryske skiednis yn Frjentsjer 28 oktober 2013 14:00

De Martenastins  waard yn 1506 bout yn opdracht dan edelman Hessel van Martena. Sûnt 2006 hat Museum Martena plaknaam yn it gebou. Ien fan de wichtichste ûnderwerpen dy't beljochte wurdt yn it museum is fansels de universiteit fan Frjentsjer.

Yn Frjentsjer hat nammentlik ieuwenlang in universiteit stien; oprjochte troch it gewest Fryslân sels. Nei Leiden wie dit de twadde universiteit yn de Republyk. Yn de 17e en 18e ieu wie it ien fan de belangrykste ynstellingen fan Fryslân. De universiteit wie in ynternationaal sintrum fan wittenskip, mar wie ek foar de rest fan de provinsje fan belang. Troch de universiteit koenen kennis en ynsichten fan wittenskippers trochjûn wurde oan de minsken.

Sjoch no sneon nei NODOE, om 17.00 oere op Omrop Fryslân en dêrnei alle oeren nei Hjoed.

NODOE is in gearwurking tusken Omrop Fryslân, Afûk, Tresoar en njoggen Fryske musea om de Kanon fan de Fryske Skiednis mear ûnder de oandacht te bringen. De dielnimmende musea binne: it IJstijdenmuseum yn Bûtenpost, It Damshûs yn Nij Beets, Museum Martena yn Frjentsjer, Museum Dokkum, it Fries Museum yn Ljouwert, it Fries Landbouwmuseum yn Earnewâld, it Woudagemaal op ‘e Lemmer, it Fries Scheepvaartmuseum yn Snits en it Kazemattenmuseum yn Koarnwertersân.

Museum Martena

De Martenastins waard yn 1506 bout yn opdracht dan edelman Hessel van Martena. No sit Museum Martena yn it gebou. Ien fan de wichtichste ûnderwerpen dy't beljochte wurdt yn it museum is de universiteit fan Frjentsjer.
www.museummartena.nl

NIJ: cd Fryske Kanon

Op de cd 'Ferskes oer de Fryske skiednis' 10 ferskes en 5 karaoke-nûmers oer de Kanon fan de Fryske skiednis. Mei rock, rap en balads nimme Janneke Brakels, Sytse Broersma en oaren elkenien mei troch it ferline fan Fryslân.

Bestel hjir de nije cd.