Yn Frjentsjer hat nammentlik ieuwenlang in universiteit stien; oprjochte troch it gewest Fryslân sels. Nei Leiden wie dit de twadde universiteit yn de Republyk. Yn de 17e en 18e ieu wie it ien fan de belangrykste ynstellingen fan Fryslân. De universiteit wie in ynternationaal sintrum fan wittenskip, mar wie ek foar de rest fan de provinsje fan belang. Troch de universiteit koenen kennis en ynsichten fan wittenskippers trochjûn wurde oan de minsken.
Sjoch no sneon nei NODOE, om 17.00 oere op Omrop Fryslân en dêrnei alle oeren nei Hjoed.
NODOE is in gearwurking tusken Omrop Fryslân, Afûk, Tresoar en njoggen Fryske musea om de Kanon fan de Fryske Skiednis mear ûnder de oandacht te bringen. De dielnimmende musea binne: it IJstijdenmuseum yn Bûtenpost, It Damshûs yn Nij Beets, Museum Martena yn Frjentsjer, Museum Dokkum, it Fries Museum yn Ljouwert, it Fries Landbouwmuseum yn Earnewâld, it Woudagemaal op ‘e Lemmer, it Fries Scheepvaartmuseum yn Snits en it Kazemattenmuseum yn Koarnwertersân.