Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

<< Terug naar het overzicht

No sneon: de earste NODOE

Sjoch mei en stek ek wat op oer de Fryske skiednis! 17 oktober 2013 20:00

Yn dizze ôflevering nimt de famylje Gerritsma it op tsjin de famylje Akkerman. Welke tiim bliuwt it langste oerein en wint de earste ôflevering fan NODOE? Sjoch it no sneon om 17.00 oere op Omrop Fryslân (en dêrnei om alle oeren, nei Hjoed)!

De famylje Gerritsma
Rids Gerritsma is in echte gûchelder, fierder mei er graach nei muzyk lústerje. Hy wennet yn ien fan de alve stêden, nammentlik Boalsert. Fan jongs ôf oan mocht er graach spultsjes dwaan, benammen mei beppe. Mar ek mem is gek op spultsjes. No fynt se it geweldich om yn NODOE mei te dwaan!
Mem Gea is sljocht op hynsteriden, mar is ek wiis mei it ‘stalen ros’; de motor en it motorriden. Beppe Aagje mei graach puzelje en docht ek oan aaisykjen, sy is ek lid fan de fûgelwacht. Fierder mei hja graach sjonge.

De famylje Akkerman
Foar Jelle en syn pake Otte is fuotbaljen ien fan de hobbys. Dêrnjonken binne beide ek sljocht op keatsen; in sportive famylje dus. De sport nimt in protte tiid yn beslach. Yn in museum komme se net, al fine se skiednis wol wichtich. Mem hat nocht oan toanielspyljen en pake mei graach te fytsen. De Wâlden is dan ek in pracht omjouwing. It meidwaan dat as grap begûn, is no werklikheid wurden, mar se hawwe der sin oan!

NODOE is in gearwurking tusken Omrop Fryslân, Afûk, Tresoar en njoggen Fryske musea om de Kanon fan de Fryske Skiednis mear ûnder de oandacht te bringen. De dielnimmende musea binne: it IJstijdenmuseum yn Bûtenpost, It Damshûs yn Nij Beets, Museum Martena yn Frjentsjer, Museum Dokkum, it Fries Museum yn Ljouwert, it Fries Landbouwmuseum yn Earnewâld, it Woudagemaal op ‘e Lemmer, it Fries Scheepvaartmuseum yn Snits en it Kazemattenmuseum yn Koarnwertersân.