Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

<< Terug naar het overzicht

NODOE begjint 19 oktober

Spektakulêre spulsjow foar de hiele famylje! 7 oktober 2013 13:10

Yn de spektakulêre famyljespulsjow NODOE stride eltse ôflevering 2 tiims tsjin elkoar. Yn meardere musea sille sy sykje nei de it ferline fan Fryslân. Welk tiim bliuwt it langst oerein en wint dit spannende spul?

Alle tiims bestean út trije generaasjes; in pake of beppe, in heit of mem en in bern fan tusken de 10 en 14 jier âld en eltse ôfleverings bestiet út 4 rondes.

Yn ronde 1 spylje de bern in spektakulêr en spannend spul. Dêrnei sjogge wy wat de pakes en beppes opstutsen hawwe fan de rûnlieding en yn ronde trije sille heit en mem op ûndersyk troch it museum. De finaleronde is in team-estafette. Hjirby moatte de tiims goed gearwurkje en alle opdiene kennis en feardichheden ynsette om te winnen.

It giet yn NODOE om it opspoaren fan kennis, net om parate kennis. Jim sille der ek grif in soad nijsgjirrichheden sjen oer de Fryske skiednis.

NODOE is in gearwurking tusken Omrop Fryslân, Afûk, Tresoar en njoggen Fryske musea om de Kanon fan de Fryske Skiednis mear ûnder de oandacht te bringen. De dielnimmende musea binne: it IJstijdenmuseum yn Bûtenpost, It Damshûs yn Nij Beets, Museum Martena yn Frjentsjer, Museum Dokkum, it Fries Museum yn Ljouwert, it Fries Landbouwmuseum yn Earnewâld, it Woudagemaal op ‘e Lemmer, it Fries Scheepvaartmuseum yn Snits en it Kazemattenmuseum yn Koarnwertersân.