Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

<< Terug naar het overzicht

Spesjale skoalfoarstelling De Emigrant

Nei it 'Lân fan
dream en winsken'
15 april 2013 14:40

Op tiisdei 7 maaie wurdt foar de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis in spesjale skoalfoarstelling spile fan De Emigrant yn De Harmonie yn Ljouwert. Hast 300 learlingen sille yn de Harmonie is ferhaal hearre fan Sybolt de Haas, in emigrant dy’t fyftich jier lyn nei Kanada ta gie.

Hy hat it as emigrant net maklik hân. Mar it is him slagge om in ridlik grut en goedrinnend boere-bedriuw op te bouwen. De Haas hat noait wer nei it heitelân werom west. Hy woe net, seach der tsjin oan, wie der faaks wol bang foar. No’t er út it wurk is, is der gelegenheid om oan de winsk fan syn ferstoarne frou te foldwaan: hy makket in trip nei syn roots yn ‘e Greidhoeke.

De soan sil him foar it earst mei de melkerij rêde. Twa aventoeren tagelyk. De reis nei it heitelân wurdt foar de emigrant oan alle einen en kanten konfrontearjend.

By de foarstelling is in lesbrief rûn it tema emigraasje skreaun dy't de skoallen foar en nei de foarstelling brûke kinne.

NO DOE, jou dy op!

Yn it nije tv-programma NO DOE stride der alle wiken twa famyljes om de ear yn ien fan de Fryske topmusea. Kin dyn famylje goed gearwurkje en bisto nijsgjirrich nei de Fryske skiednis?

Jou dy hjir op!

NIJ: cd Fryske Kanon

Op de cd 'Ferskes oer de Fryske skiednis' 10 ferskes en 5 karaoke-nûmers oer de Kanon fan de Fryske skiednis. Mei rock, rap en balads nimme Janneke Brakels, Sytse Broersma en oaren elkenien mei troch it ferline fan Fryslân.

Bestel hjir de nije cd.