Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

<< Terug naar het overzicht

Cultureel ZwErfgoed foar skoallen

Edukative rûtes op
tablet en smartphone.
13 april 2013 11:06

De app Novomentor biedt skoallen en musea de kâns om op folslein nije wize gear te wurkjen. Beide partijen ûntwikkelje edukative kuier- en fytsrûtes foar smartphone en tablet oer de skiednis yn de eigen omjouwing. Learlingen geane op ’en paad mei smartphones en tablets.

De tablets en smartphones fertelle de rûte en jouwe ynformaasje oer wat der yn de eigen omjouwing te sjen is, oan de hân fan teksten, ôfbyldings, fideo en lûd. Underweis fiere de learlingen ferskate opdrachten út troch tools yn de smartphone of tablet te brûken, lykas skriuwe, type, tekenje en it meitsjen fan foto’s of film- en lûdsopnamen.

Yn jannewaris binne trettjin musea rûnom út de provinsje wei begûn mei it skriuwen fan in edukative rûte oer de skiednis yn har regio. Dat hat laat ta rûtes mei ferskate ûnderwerpen dy’t werom te finen binne yn de kanon fan de Fryske skiednis. Nei de maaiefakânsje kinne skoallen út it basis- en fuortset ûnderwiis gebrûk meitsje fan dit útdaagjende lesoanbod.

De dielnimmende musea binne:
Historisch Centrum Leeuwarden (Ljouwert), Het Admiraliteitshuis (Dokkum), Museum Opsterland (De Gordijk), Openluchtmuseum De Spitkeer (Harkema), Museum Joure (De Jouwer), Het Verzetsmuseum (Ljouwert), Museum 't Fiskershúske (Moddergat), Vlechtmuseum (Noardwâld), Mar en Klif (Aldemardum), Fries Scheepvaartsmuseum (Snits), IJstijdenmuseum (Bûtenpost), Titus Brandsmamuseum (Boalsert), It Fryske Gea (Olterterp) en de Amelander Musea (Amelân).

Yn de rin fan de tiid sil elts museum ien of meardere rûtes publisearje dy't te finen binne yn de app Novomentor. Ek op dizze site sil omtinken wêze foar de ûntwikkelde rûtes.

Kursus omjouwingsedukaasje
De rûtes sille ek brûkt wurde as yntroduksje fan in kursus foar learkrêften. Kommende hjerst en yn it foarjier fan 2014 hawwe sy nammentlik de mooglikheid om mei harren learlingen rûtes te skriuwen oer de skiednis yn har eigen doarp of stêd. Dy rûtes kinne dan troch klas- en doarpsgenoaten rûn wurde, mar bygelyks ek troch toeristen dy’t in besite bringe oan ien fan de musea.

It projekt Cultureel ZwErfgoed is mei mooglik makke troch de provinsje Fryslân.

NO DOE, jou dy op!

Yn it nije tv-programma NO DOE stride der alle wiken twa famyljes om de ear yn ien fan de Fryske topmusea. Kin dyn famylje goed gearwurkje en bisto nijsgjirrich nei de Fryske skiednis?

Jou dy hjir op!

NIJ: cd Fryske Kanon

Op de cd 'Ferskes oer de Fryske skiednis' 10 ferskes en 5 karaoke-nûmers oer de Kanon fan de Fryske skiednis. Mei rock, rap en balads nimme Janneke Brakels, Sytse Broersma en oaren elkenien mei troch it ferline fan Fryslân.

Bestel hjir de nije cd.